By Frysk kabaret tinke de measte Friezen oan Tetman de Vries en Rients Gratama. Dan is it in hiele skoft stil. Mar der is in nijkommer: Ruurd Walinga (1964). Hy hat ferskate jûnsfoljende Fryske kabaretprogramma's. Hielendal allinne op de planken wit er foaral mei syn Fryske taalgrapkes it publyk yn 'e besnijing te krijen. Hy begeliedt himsels op piano en akkordeon.