Ut en Thús

Ut en Thús is in folsleine Frysktalige kabaretshow fan goed twa kear trije kertier. Yn it programma nimt Walinga de minsken even mei fuort 'fan 'e polle' en giet er sels mei harren 'útfanhûs nei myn oare helt'.
Walinga komt mei in alternatyf foar Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa. Hy komt mei in Keterale haadstêd no't Ljouwert hieltyd mear doarpen derby krijt en elk doarp wol syn eigen keet hat wêr't men lekker keetlelle kin. Ek it yngewikkele fan ús Fryske taal komt oan 'e oarder.

Bist Betoetere

Yn Bist Betoetere kombinearret Ruurd Walinga syn âlde hobby trombone spylje (by fanfare Eendracht Maakt Macht út Aldegea-W) mei syn wurk as hafabra-sjoernalist by it Friesch Dagblad en it kabaret. Foar de muzykanalfabeet geane guon sênes boppe de pet, mar de muzykleafhawwer sit op it puntsje fan 'e stoel. Lit dy Walinga mar skowe.
Bist Betoetere wurdt altyd dien mei in muzykkorps of koar. De kabaretier en de muzykferiening wikselje elkoar ôf. Der binne ek ferskate stikken dy't se mei elkoar útfiere. Walinga komt ferskate kearen as apart typke nei foaren.

Koweblomke

Koweblomke giet oer ús prachtige moaie natoer yn Fryslân. Yn it Friesch Dagblad skriuwt Ruurd Walinga al sa'n 25 jier oer de natoer. Yn dit kabaretprogramma giet oer frjemde fûgels, apen en bearen, guozzen en ús lânskippen. Hiel aardich foar in jûn fan in fûgelwacht of oare natoerklups.

Frysk berne-teater

Fan Koweblomke is ek in berne-ferzy. De bern leare dan fan alles en noch wat oer de natoer. Der sit in moaie kwis yn de show, aardige ferskes. It giet oer in jonkje dat fan hûs weirûn is om't syn âlders him net begripe. Lokkich begripe de fûgels en bisten yn it bosk him wol.

Ik timmerje derop los

Ik timmer derop los is in berne-programma en giet oer it thema boasheid. In jonkje sit opsluten yn in skuorre. Dêr mei hy der op los slaan. Hy fertelt ek wêrom't er dat docht. Foar in protte bern werkenber. Mei in bytsje oandacht fan 'e bern en nei in pear ferskes krijt er wer in aardich sin.