Try-out earste Fryske kabaretprogramma Ruurd Walinga

Nij Altoenae – Op sneon 1 novimber 2008 sil kabaretier Ruurd Walinga út Ljouwert in try-out hâlde fan syn earste Frysktalige kabaretprogramma Bosken Blommen. It stik wurdt spile yn it doarpshûs De Utwyk fan Nij Altoenae op it Bildt tidens in saneamd 'vijf-uurtje'. Tusken healwei seizen en sân oere wurdt it stik opfierd. De tagong is twa euro.
Yn Bosken Blommen giet it oer de leafde. De Fries Henk wurdt fereale op it net-Frysktalige Lieske. Yn it begjin fan harren relaasje stiet de taal tusken beide, mar letter binne it de typyske man-frou-saken dy't tusken beide yn steane. It soarget wol foar de nedige humor.

| Deze pagina is een onderdeel van de Stichting Water in Wijn web pagina http://www.waterinwijn.nl |