Ruurd Walinga waard yn 1964 berne yn Aldegea-W as 'ien fan Jehannes en Joukje'. Nei't er de mavo op it Bogerman College yn Snits dien hie, die er de havo-top oan de pabo De Him yn Snits en fŻn dÍr twa kear it earste ljipaai. Hy wie doe direkteur D.T.E. van der Ploeg te slim Űf. Nei syn sjoernalistenstķdzje yn Amersfoart kaam er by it Friesch Dagblad te wurkjen. Hy skriuwt oer de natoer, de hafabra-muzyk en it skŻtsjesilen. SŻnt 2007 is er parttimer fanwege syn wurksumheden as kabaretier. As er yn it Holl‚nsk optreedt is dat faak yn tsjerken; yn it Frysk is er mear yn doarpshuzen en feesttinten. Yn 2011 krige Bauke Vaatstra syn earste cd 'Wie ben jij'. Oan in Frysk album wurdt wurke.